Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Doarpskuier en besjen riedhûs

Sjoch Rûnliedingen en Aginda

 

Nije útstallings ‘Halbertsma Hou(d)t van Grou’ en 'Gaastra: mear as inkeld klean'

Halbertsma Hou(d)t van Grou

Nei de eksposysje ‘Joost Halbertsma, Wrâldboarger út Grou’ krijt it Halbertsmahoutfabryk no in grutter poadium en in fêst plak yn it museum. De besiker dûkt yn de histoarje fan Grou, mar ek fan fier dêrbûten. It Halbertsmahoutfabryk hie yn de foarige iuw in grutte namme op ‘e merk fan pallets en doaren, en makke ek noch in soad oare houtprodukten. In bedriuw wêrfan it personiel it earste fakbûn yn ‘e houtbranche fan Nederlân oprjuchte; in famyljebedriuw dêr’t hiel wat minsken yn Fryslân har brea fertsjinnen.

Yn 2016 waard in twadaagse eksposysje ynrjuchte mei de reüny fan it Halbertsmafabryk by Van Vuuren yn Grou (it bedriuw dat de produksje fan doaren trochsette). In protte âld-meiwurkers en harren neiteam skonken materiaal oan ús, sadat dit in goed plak foar de takomst krije soe. Dit yndustriëel en kultureel erfgoed litte wy fan no ôf yn in fêste útstalling sjen.

Gaastra: mear as inkeld klean

De namme Gaastra is by de measten bekend fan de sportive klean. Fan âlds in seilmakker yn Snits. De Gaastra's wienen noch op in tal opfallende plakken aktyf. Sa wie Andries Gaastra de oprjuchter fan it fytsenfabryk op It Hearrenfean. Ha je ea heard fan de Gaastrafamyljes dy't goud- en sulversmid en eigner fan in steamboat wienen op 'e Gerdyk? Ien fan harren wie Johannes Sjoerds Gaastra dy't om 1850 hinne nei Grou te wenjen gong. Syn frou wie Neeltje Piers Sjollema fan Grou. Atje Gaastra (1873-1972), net troud en mei fermogen, wie ien fan harren acht bern.

Museum Hert fan Fryslân tanket har bestean mei oan it legaat fan dizze Atje Gaastra. Sy skonk yn 1949 in flinke samling moaie en weardefolle foarwurpen út har famylje oan de gemeente Idaarderadiel fan doe, mei de ferplichting dizze sjen te litten. Dêrom waard yn 1956 it gemeentemuseum oprjuchte. No hjit dat museum Hert fan Fryslân.