Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Feestlike iepening nije eksposysjes en Toerist Info Grou

Feeslike iepening nije eksposysjes en Toerist Info Grou

Op 14 febrewaris binne yn museum ‘Hert fan Fryslân’ trije nije eksposysjes iepene, oer: Sint Piter, Architekt Kropholler en Pronkjen. Dit yn oanfolling op de eksposysjes oer ‘Wetter’ en ‘De Halbertsma’s’, dy’t fanôf de weriepening ein 2013 al yn it museum te sjen binne. Ek wurdt yn it museum it Toeristysk Informaasjepunt foar Grou en omkriten yn gebrûk naam. Om de ferbûnens sjen te litten mei Fryslân, wêrfan Grou it ‘Hert’ is, en mei Ljouwert, yn hokker gemeente Grou no leit, sil ûnder de iepening de bus fan Kulturele Haadstêd 2018 by it museum stasjonearre wêze. Ta beslút sil yn it oanslútende wykein ek Sint Piter, dy’t op 15 febrewaris yn Grou oankomt, it museum mei in besyk ferearje: benammen fansels foar de Sint Piter-eksposysje. Fanôf 15 febrewaris binne de nije eksposysjes ek iepen foar publyk.

 

Terug naar het nieuwsoverzicht