Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Soad aktiviteit yn it Museum

It brûzjet yn septimber fan de aktiviteiten yn Museum ‘Hert fan Fryslân’ yn Grou. Fan 12 o/m 28 septimber is dêr in nije tydlike eksposysje te sjen fan benammen Fryske stripferhalen en de foarrinner derfan: sintsprinten. Dizze diene eartiids tsjinst als byldferhaal, mar ek as berneprint. Woansdei 17 september fan 15-17 oere sil Nederlânsk Striptalint 2014, Gerco van Beek út Ljouwert, yn it museum syn striptekenkeunsten fertoane: moai foar jong en âld.

Tagelyk docht it museum mei oan SWALK: de ferkeap fan Fryske boeken, earder ferneamd as de ‘Moanne fan it Fryske boek’. Op 20 septimber sil it SWALK-teaterskip Bald’r, nei û.o. Frjentsjer, Starum, Heech en Langwar ek yn Grou komme te lizzen. Jûns presintearret in keunstnerskollektyf oan board û.o. folksferhalen, dy’t foar in part ûnderweis opdien binne.

 

Terug naar het nieuwsoverzicht