Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Brgen bouwe

Op sneon en snein 18 en 19 oktober (13.30 – 16.30 oere) kinne bern fan 7 – 12 jier yn it museum sels in brêge ûntwerpe (sneon) en op snein tegearre in grutte brêge bouwe. Grouster arsjitekt Rein Hofstra, û.o. ferneamd fan de ‘Slachtebrêge’ en fan de brêge oer it Nijdjip (foto), en konstrukteur Oebele van de Veen sille dit alles profesjoneel begeliede. Dit projekt makket diel út fan de lanlike Oktober Bernemoanne (www.kindermaand.nl). Bern kinne harren foar ien fan beide, mar ek foar beide middagen opjaan fia info@museumhertfanfryslan.nl of op til: 0566-623911 of 0566-623016. Dielname is fergees en ‘fol is fol’ (maksimaal 12 bern eltse middei). De âlden kinne ûnderwilen (om 13.30 en 15.00 oere) in rûnlieding krije yn it troch de ferneamde arsjitekt Kropoller ûntwurpen eardere Riedhûs, dêr’t it museum yn festige is.

 

Brêge oer it Nij Djip yn it hert fan Grou: in ûntwurp fan Rein Hofstra.

Terug naar het nieuwsoverzicht