Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

Woansdei o/m snein:

14.00 - 17.00 uur

Allinnich op ôfspraak

Sjoch de side Besite

 

Sjoch ek ús side op Facebook

Copyright 2020 Museum hert van Fryslân

Bern bouwe in brêge

Yn it ramt fan de lanlike ‘Oktobermaand Kindermaand’ hat Museum ‘Hert fan Fryslân’ dit jier keazen foar it projekt ‘Brêgen bouwe’. In protte bern dreame derfan om letter piloat, ferpleechster of brânspuiter te wurde. Mar ek arsjitekt stiet gauris heech op sokke listkes.

Yn it wykein fan 18 en 19 oktober ha 12 bern fan 7 – 12 jier ûnder lieding fan arsjitekt Rein Hofstra en konstrukteur Oebele van der Veen hurd wurke om in brêge te ûntwerpe en te bouwe. Hiel tapaslik yn in gebiet mei sa folle wetter. En ek yn oerdrachtlike sin is ‘brêgen bouwe’ yn dizze tiid in prima aktiviteit. Foar de brêge is gebrûk makke fan lichte houten ûnderdielen, bouten en moeren: in saneamde ‘’ fakwurkbrêge’.

Wilens de bern oan’t ûntwerpe en bouwe wienen, krige de âlders in rûnlieding yn it troch de ferneamde arsjitekt Kropholler ûntwurpen eardere Riedhûs, dêr’t museum yn festige is.

De grutte brêge dy’t de bern boud ha (sjoch foto) is noch de hiele moanne oktober en novimber yn de wikseleksposysjeromte fan it museum te besjen. 

Foar mear foto’s sjoch www.facebook.com/hertfanfryslan.

 

(Foto: Frans Stegeman)

Terug naar het nieuwsoverzicht