Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

Woansdei o/m snein:

14.00 - 17.00 uur

Allinnich op ôfspraak

Sjoch de side Besite

 

Sjoch ek ús side op Facebook

Copyright 2020 Museum hert van Fryslân

‘Iepen Jûn’ fan Freonen fan it museum oer 65 jier Sint Pitermearkes

De jierlikse temajûn fan de Freonen fan Museum ‘Hert fan Fryslân’ op woansdei 28 jannewaris hat dit jier as ûnderwerp “65 jier Sint Pitermearkes yn Grou”. In tal âld-spilers en in regisseur sille mei byld en lûd weromsjen op de hichtepunten út de 65 foarstellings. De gearkomste begjint om 20.00 oere (seal iepen om 19.30 oere) en fynt plak yn gebou ‘De Boei’. Dizze temajûn is fanwege it bysûndere ûnderwerp dit kear foar eltsenien fergees tagonklik. Nei ôfrin hat eltsenien de mooglikheid om de dyk oer te stekken en yn it museum de eksposysje ‘Dwale troch Ferhalen: 65 jaar Sint Pitersprookje in Grou’ te besjen. Tagong dêrfoar is € 3,- (Freonen fergees).

Terug naar het nieuwsoverzicht