Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Eksposysje 65 jier Sint Pitermearke iepene

Under grutte belangstelling iepene deputearre en âld-Grouster Jannewietske de Vries op 24 jannewaris de tydlike eksposysje ‘Dwale troch Ferhalen’: 65 jaar Sint Pitersprookje in Grou’.

Se die dit troch in kears oan te stekken, har oanrikt troch Silke Steneker, en dêrnei plak te nimmen op de ‘troan’ dy’t prominint yn de ekspoysje opsteld stiet. Dêroan foarôf hie se al it earste eksimplaar fan de spesjale ‘Glossy’ oer it ‘Mearke’ útrikt oan Herman Tichelaar, dy’t 65 jier ferlyn oan de widze fan it mearke stie. Silke stiet as aktrise ôfbylde op it foarblêd fan de Glossy, dy’t fanôf 29 jannewaris ek yn it museum te keap is.

De likernôch 100 gasten wiene tige optein oer de prachtige eksposysje en de Glossy, dêr’t tal fan âld-spilers en oare belutsenen by it mearke en it museum mei grutte ynset oan meiwurke ha. Op woansdei 28 jannewaris litte inkelen fan harren op in spesjale Freonenjûn oer it mearke yn byld en lûd it publyk hichtepunten mei belibje út de ôfrûne 65 jier (sjoch ûnder nijs)

‘Dwale troch Ferhalen’ is in ynteraktive útstalling mei in teatrale dwaaltocht troch de mearkes, geskikt foar de hiele famylje: jong en âld. Der binne prachtige klean en oare attributen út de mearkes oanwêzich, dêr’t eltsenien sich mei ferklaaie en op de foto sette kin, bygelyks as kening(inne), heks, plysje, ridder of fee. Ek kin men foto’s en filmpkes besjen en harkje nei ferskes. Op fêste tiden (sjoch ûnder ‘foar bern’) binne der spesjale aktiviteiten, lykas sminke en ‘fotoshoots’ yn teaterklean.

Terug naar het nieuwsoverzicht