Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Kunst uit het Hart

In troud pear dat tegearre eksposearret, dat makkest net alle dagen mei. Yn ús museum al: fanôf 18 april o/m snein 7 juni. Under de namme ‘Kunst uit het Hart’ ha Leony Wuite-Geurtse en Arnold Wuite tegearre in bysûndere eksposysje ynrjochte. Fan Leony is in tal brûnzen bylden te sjen en objekten dy’t mei mingde techniken makke binne. Dit is oanfolle mei in tal etsen en linosneden fan de hân fan Arnold Wuite, dy’t ek foarsitter is fan de Freonen fan museum ‘Hert fan Fryslân’. Sa is in nijsgjirrige en ôfwikseljende eksposysje ta stân kommen. Derneist is ek de ‘’Skipkeseal’ mei de eksposysje oer it skipkesilen alhiel werynrjochte. Mei de besteande fêste útstallingen kin dit alles grif wer besjen leie. Freonen fan it museum ha altyd fergees tagong. Wa’t him foar 1 maaie yn it museum of op dizze webside ûnder Freonen oanmeldt as Freon krijt der boppedat it nije boekje ‘Wandelroute door Grou’ fergees op ta. Normaliter betellest dêr 4 euro foar.

Terug naar het nieuwsoverzicht