Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Fte de la natuur

Ek it museum docht it oankommende pinksterwykein (23 o/m 25 maaiee) mei oan ‘Fête de la Nature’: in ynternasjonaal evenemint, dêr’t sûnt foarich jier ek Nederlân oan mei docht. It folsleine programma is te finen op www.fetedelanature.nl en foar de Alde Feanen, w.û. Grou, ek op Facebook ûnder ‘vierdealdefeanen’ en yn in flyer dy’t yn it musum te krijen is.
Fanút it museum binne der eltse middei twa kuiers te dwaan. Foar bern en harren begelieders de bûtenkuier fan ‘Lytse Eeltsje’ om te belibjen hoe’t Eeltsje Halbertsma as bern (‘Lytse Eeltsje’) likernôch 200 jier ferlyn yn Grou libbe en boarte hat. Foar folwoksenen is der de ‘Wandelroute door Grou’: in rûte troch it âlde doarp mei in nijsgjirrige beskriuwing fan it grut tal karakteristyke pannen. Besikers fan it museum kinne ek de bûtenrûnlieding dwaan om it monumentale eardere Riedhûs hinne en de tydlike eksposysje ‘Kunst uit het Hart’ besjen. By oanskaf yn it museum fan ien fan de kuierrûtes krije de dielnimmers by Hotel Oostergoo fergees in kopke kofje of in glês limonade.

Terug naar het nieuwsoverzicht