Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Reizgje mei: Grou ľ Carašao v.v.

By de eksposysje Bon Bini yn de ‘Carieb’: in kulturele mix fan Grou en Curaçao, krije ús besikers dizze simmermoannen in hertferwaarmjende ‘belibbing’. Tal fan sintugen wurde prikele en der wurde ferbiningen lein tusken wat Curaçao en Midden-Fryslân (Grou e.o.) elts te bieden hawwe, û.o. op it mêd fan Wetter en Toerisme.
Bon Bini betsjut ‘Wolkom’ yn it Papiaments en dat jildt foar jong en âld, om’t der ek foar de jongerein in protte te ‘belibjen’ is. Wy rinne hjirmei foarút op it tema fan FFF foar de Grouster Merke dit jier: ‘Caribbean Party’. Yn de eksposysje binne ûnderfinings ferwurke fan (âld)Grousters dy’t op Curaçao west hawwe, lykas Joke Bijl en Moniek van der Geest.
Bon Bini yn de ‘Carieb’ begjint mei de Grouster Skûtsjewike op 11 juli en bliuwt fansels oant en mei de Grouster Merke iepene. Dêrnei rint it noch troch oant en mei de hjerstfakânsje yn oktober, tradisjoneel de ‘Bernemoanne’ yn it museum. Wy binne lykas altyd eltse middei fn 13.30 – 17.00 oere iepene, útsein moandei en tiisdei.

 

Terug naar het nieuwsoverzicht