Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Foto’s fan Stappersjûn socht

Al sa’n tritich jier organisearret FFF by de Grouster Merke in Stappersjûn. Fanwege it tema ‘Caribbean Party’ sil de Stappersjûn dit jier grif ekstra ‘tropysk’ en fleurich wurde. Mei de eksposysje Bon Bini yn de ‘Carieb’ hat it museum op dit tema ynheakke en wol it dêrby ek de parallel sjen litte tusken de Stappersjûn en it eksoatyske Karibyske Karnaval.

Om sjen te litten dat Grou der ‘ek wat fan kin’, wurde dêrom foto’s socht dy’t yn’e rin fan de tiid op de Stappersjûn makke binne. Dat kinne foto’s wêze fan ferklaaide minsken, mar ek bygelyks fan attributen en ferfiermiddels. Sawol analoge as digitale foto’s binne wolkom. Om de Grouster Merke hinne wurdt in seleksje fan de moaiste, aardichste of healwiiste foto’s yn de eksposysje opnaam. Foar de bêste ynstjoering sil in spesjale sjuery in aardiche attinsje beskikber stelle, dy’t op’e lêste jûn fan de Grouster Merke útrikt wurde sil. Foto’s kinne tusken 15 augustus en 4 septimber ynstjoerd wurde:

- digitale foto’s per e-mail nei Frans Stegeman: stegeman357@kpnmail.nl

- foar analoge foto’s kinne jo him skilje (06-13442663) en ôfprate om dizze te ‘scanne’.

 

Terug naar het nieuwsoverzicht