Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Oktobermaand Kindermaand

Oktober is tradisjoneel de bernemoanne yn it museum. Dit jier rint it tema Bon Bini yn de ‘Carieb’ noch o/m de hjerstfakânsje troch. Benammen op sneon 24 en snein 25 oktober binne der spesjale aktiviteiten foar bern fan 4 o/m 9 jier. Sy kinne eltsje middei om 2 oere yn it museum mei op in ‘reiske’ nei de ‘Carieb’, dat oant 4 oere duorret ! Der is dan in protte te belibjen: film, nifelje, ferhalen, rûke, priuwe en speure nei de skatten fan de ‘Carieb’ yn de fêste eksposysje. Per middei kinne maksimaal 10 bern meidwaan, dus jou dy dreks op fia info@museumhertfanfryslan.nl en set der by: namme, âldens, tillefoannûmer en de middei dast komme wolst. Mear ynformaasje fia 06-15902895.

Dielnamme fan de bern is fergees. De âlders, dy’t de bern bringe en wer ophelje, kinne fansels ek in besyk bringe oan it museum. ‘Bon Bini’ (= Wêz’ Wolkom) !

 

 

 

Terug naar het nieuwsoverzicht