Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Folsleine bestjoerswiksel

Nei de hiele renovaasje sa’n twa jier lyn, hat it museum tal fan aktiviteiten út ‘e wei set, tydlike  eksposysjes ynrjochte en in protte nije frijwilligers oanlutsen. Dit like it bestjoer, dat it museum de ôfrûne 15-20 jier bestjoerd hat, in gaadlik momint om it stokje oer te jaan oan in folslein nij bestjoer. Dat is mei 7 bestjoersleden en 2 adviseurs wat grutter as it eardere stiftingsbestjoer, dat 3 leden en ien adviseur hie. Op ’e foto stiet fan links nei rjochts it âlde bestjoer: skriuwer Tsjitse Kuipers, ponghâlder Henk Korf en foarsitter Jantsje Visser. Dêrneist it nije bestjoer, f.l.n.r.: Arnold Wuite (adviseur út namme fan de Freonen fan it museum), Ed den Dulk (foarsitter), Herman Oldenhof (ponghâlder), Trees Mulder (baaljekoördinaasje), Akke Miedema (kolleksje), Emiel Wegman (PR), Bauke Hooghiemster (skriuwer) en Gieneke Verhoeven (programmearring). Hja steane op ‘e foto yn de yntree fan it museum, feriene ûnder de tapaslike spreuk fan J.B. Schepers út 1929: “De krêft komt út it herte fen Fryslân, it herte fen Grou”. Op ‘e foto ûntbrekke Alexander Tuinhout en Janneke Visser, de eardere resp. de nije adviseur út namme fan de gemeente Ljouwert.

 

 

 

 


 

Terug naar het nieuwsoverzicht