Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Topstikken as útsetter

It âlde bestjoer fan it museum jout har ôfskie glâns mei in nijsgjirrige tydlike eksposysje fan topstikken út de depots fan it museum. Dizze is fanôf 19 desimber o/m 6 maart te besjen en hat as tapaslike namme krigen ‘Topstikken as útsetter’. Dizze eksposysje is net allinnich ynspirearre op it ôfskie, mar ek op de topstikkenaksje dy’t ‘De Wereld draait door’ yn in tal grutte lanlike musea organisearre hat. Ek it ‘Hert fan Fryslân’ hat tal fan stikken yn depot dy’t komselden eksposearre binne. Fan guon saken witte in protte minsken somtiden noch mar kwalik wêr’t se foar tsjinne ha. Foar de besikers falt der dan ek wier wat te ‘rieden’. Ek binne der wat âlde filmkes te sjen, lykas dizze fan de betinking fan de 100-jierrige stjerdei fan dr. Eeltsje Halbertsma yn 1958

.


 

Terug naar het nieuwsoverzicht