Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2018 Museum hert van Fryslân

Oprop troufoto’s, troukaarten ensfh.

Wy binne drok dwaande mei it tarieden fan in nijsgjirrige eksposysje ‘Trou yn Grou’, dy't op 9 april iepene wurde sil. Yn it eardere Riedhûs –no notariskantoar- wêr’t ek ús museum yn húsfeste is, binne fan1942 ôf oant no ta withoe folle houliken slúten. Wa't ea yn it Riedhûs troud is of guon kent dy’t dêr troud binne, wurdt oproppen om foar 25 maart in digitale foto fan in foto út it trou-album te stjoere nei trouwen@museumhertfanfryslan.nl, mei fermelding fan de nammen en de troudatum. Dizze wurdt dan opnaam yn it digitale ‘houliksregister’. Wa't foar de eksposysje in orizjinele troukaart te lien hat of in kopy dêrfan, kin dizze ek oant 25 maart ûnder iepeningstiden yn it museum ôfjaan. Wy binne ek ynteressearre yn in orizjinele saneamde ‘knottedoek’. Skilje foar fragen mei Gieneke Verhoeven: 06 49827841.

.

Terug naar het nieuwsoverzicht