Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2018 Museum hert van Fryslân

Eksposysje 'Trou yn Grou'

Yn ús prachtige Riedhûs binne de ôfrûne 74 jier withoe folle houliken sletten. Fereale steltsjes út it doap, mar ek út de omkriten, joeche elkoar it ‘ja’-wurd yn de Riedseal, dy’t troch it hjoeddeistige notariskantoar noch altyd as troulokaasje oanbean wurdt (www.trouyngrou).

It museum, op de ûnderferdjipping fan it gebou, komt dy tiid dizze maaitiid folslein werom. Oan de oprop foar foto’s, troukaarten ensfh. fan it eigen houlik of dat fan de âlden of pakes en beppes is massaal gefolch jûn. Troch dit alles, mei in protte byhearrende attribúten, trouklean ensfh. en it digitale trouregister, is kinne hja de trouhistoarje opnij belibje.

Om de eksposysje hinne, dy’t fan 9 april o/m 12 juni besjoen wurde kin, wurdt in tal spesjale aktiviteiten organisearre, lykas:

 

23 en 24 april

Yn dit wykein fan de nasjionale Museumwike (‘Ons échte Goud’) wurde spesjale rûnliedingen jûn yn de Trouseal.

 

12 maaie ‘Alde Maaie Miel’

12 maaie (‘Alde Maaie’) wie eartiids de dei dat in protte minsken troude. Op dy dei is der no in spesjaal ‘Alde Maaie Miel’ yn Friesma State en ek dan in rûnlieding troch it Riedhûs en de Trouseal.


22 mei Re-wedding!

Op snein 22 maaie, yn it wykein fan de Iepening fan it Wettersportseizoen, binne der om ‘Trou yn Grou’ hinne in protte bysûndere aktiviteiten. Mei in bysûndere ‘Re-wedding’ sil in grut tal breidspearen elkoar yn de Trouseal opnij it ‘ja’-wurd jaan. Dy dei wurde der ek breidsboeketten makke.

Op tiid een bar lêze jo hjiroer mear ynformaasje op dizze webside.

Terug naar het nieuwsoverzicht