Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

Nei 59 jier op 'e nij troud yn Grou

Yn 1957  inoar it ‘ja’-wurd jaan, net by inoar weigean, en dochs hast 60 jier letter op ‘e nij trouwe: dizze dream waard wier op snein 22 maaie yn it prachtige Riedhûs yn Grou. Haadrol yn dit mearke spile it pear Sake en Siepie Meijerhof-Hoekstra. It pear sette dizze bysûndere stap op útnûging fan ús museum ‘Hert fan Fryslân’, nei oanlieding fan de eksposysje ‘Trou yn Grou’.

It pear kaam om krekt 2 ûre oan by it Riedhûs mei in ‘treintsje’ en waard dêr feestlik ynhelle troch freonen, buertbewenners, bern, pake- en beppesizzers, en oare famyljeleden. De nagelnije Sylkeniginne fan Grou en har hofdame wiene de offisjele tsjûgen by dizze ‘re-wedding’. De Sylkeniginne en har hofdame wiene krekt twa dagen earder yn it kader fan de iepening fan it Wettersportseizoen yn Grou ‘ynstalleare’.

It breidsboeket en de korsages wiene op de bradery yn it sintrum neimakke troch de ôfdieling Ljouwert fan ‘It Frysk Fjild Boeket’. It breidspear waard tasprutsen troch Bauke Hooghiemster fan it museum bestjoer, dizze kear yn de rol fan ‘museaal trouamtner’, mei help fan Margje de Jong. Foar Pieter Engelsma wie it as boade in hiele toer om de minsken. mei in hiel stel op hege leeftiid, op it goede plak te krijen. Hy koe syn ûnderfining as ‘profesjonele’ boade fan it âldste sikefûns fan Nederlân, It Gild út Grou, goed brûke. Nei de plechtichheden koe elkenien yn it museum de eksposysje ‘Trou yn Grou’ besjen. Dizze wurdt fanwegen grut sukses twa wiken langer makke, oant en mei 26 juny.

Terug naar het nieuwsoverzicht