Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

Wy sykje materiaal fan de Halbertsmafabriken

Ein oktober stiet Grou stil by it feit dat Hidde Halbertsma Bzn. 125 jier ferlyn in houtseagerij yn Grou oprjochte, en ek by it ferdwinen fan (de namme) Halbertsma út Grou. Dêrfoar wurdt û.o. in útstalling oer de skiednis fan de Halbertsmafabriken ynrjochte. Dy tydlike útstalling is by Van Vuuren Deuren (foarhinne Halbertsma Deuren) yn Grou. Dy útstalling 'Ofskie Halbertsmafabriken' sil tagonklik wêze foar elk dy't ynteressearre is. In wurkgroep fan âld-wurknimmers en ynteressearren, wêrûnder museum Hert fan Fryslân en Stifting Grou, is dwaande materiaal foar dy útstalling te sammeljen.

Hawwe jo guod dat ôfkomstich is fan Halbertsma Deuren of Pallets? Lit dat dan witte fia ofskiehalbertsma@museumhertfanfryslan.nl. Of lit it sjen op sneon 18 juny tusken 10.00 en 12.00 oere of op freed 24 juny tusken 14.00 en 16.00 oere by Van Vuuren Deuren, J.W. de Visserwei 5 yn Grou. As jo dat wolle, kinne jo oanjaan dat it materiaal ek brûkt wurde mei foar in oanslutende eksposysje oer de skiednis fan de Halbertsmafabriken, dy't fan 5 novimber oant septimber 2017 yn museum 'Hert fan Fryslân' te sjen wêze sil. De mooglikheid bestiet om jo materiaal oan it museum yn brûklien te jaan of te skinken, sadat dat kultureel erfgoed goed bewarre bliuwt. Foar fragen kinne jo skiljee mei 06-1590295 of mei 06-49827841.

Terug naar het nieuwsoverzicht