Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

‘Hert fan Fryslân’ giet ‘mindful’

It is hielendal ‘yn’: oandacht ha foar alles dast dochst en waarnimst. Yn it Ingelsk hjit dat mei in moai wurd ‘mindful’. Sa beljochtet ús fotografe Anja Zwanenburg út Jirnsum fan 2 juli o/m 11 septimber yn in boeiende eksposysje it tema ‘WETTER’ yn al syn ferskiningsfoarmen: hja byldet net allinnich mei foto’s, mar ek yn kollaazjes dit tema op in abstrakte wize út. Dit slút goed oan by de oandacht dy’t ‘Wetter’ ek al yn ús fêste útstalling krijt. Twadde Keamerlid Lutz Jacobi út Wergea iepent de eksposysje op 1 juli. Yn de eksposysjeperioade ús besikers ek de fêste útstallings yn it museum ‘mindful’ besjen en belibje. Ek jout Anja Zwanenburg yn dizze perioade 2 workshops: ‘Fotoswerftochten’ op woansdeitejûn 13 en 27 juli (sjoch www.az-fotografie.nl en by Aginda) en ‘Mindful fotografeare’ op tiisdeitemoarn 12 en 26 juli (sjoch www.mindful-fotograferen.nl en by Aginda).

Terug naar het nieuwsoverzicht