Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

Museum fergees tagonklik op 10 en 11 septimber

Yn it oankommende Iepen Monumintewykein is it museum beide dagen fergees tagonklik, mei op snein 11 septimber om 14.30 oere ek fergeees in rûnlieding yn it eardere Rieshûs. It fjierdere programma is:

Sneon 10 septimber fan 10.00 – 17.00 oere: Fergetten Yndustrieel Erfgoed yn Grou. Mei lytse en grutte saken, foto’s en kranteknipsels wurdt de skiednis fan it Masinefabryk J. & H.W. van der Ploeg yn byld brocht, wêr’t hja yn it begjin fan de foarige ieu noch brânspuiten makke (sjoch de foto). Ek is der oandacht foar it ferfolch hjirfan: It Izerfabryk, oftewol Van der Made & De Vries.

Snein 11 septimber fan 13.00 – 17.00 oere: museum geopend en yn it ramt fan it lânlike tema fan de Iepen Monumintedagen “Iconen en Symbolen” om 14.30 oere in rûnlieding yn it eardere Riedhûs. Architekt A.J. Kropholler ûntwurp dit Riedhûs yn de styl fan de ‘Delftse School’. It massyf eagjende boarcheftige gebou waard yn detail yn dizze styl boud, mei prachtich bylhouwurk fan T. Visser, glês-yn-lead fan A.C. Boedijk en koperark fan S. Buikstra. Ek yn it museum is wurk fan Kropholler te bewûnderje en hja kinne yn oanslúting op it besyk fan it museum ek in bûtenrûnlieding dwaan om it gebou hinne.

Fjierder fansels lykas altiid binne der op fersyk (tel. 0566-624099) foar groepen doarpskuiers mei gids foar € 2,- p.p. mei in minimum fan € 15,- per groep. Ek kinne hja sels foar € 4,- it boekje ‘Wandeling door Grou’ keapje.

Terug naar het nieuwsoverzicht