Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

Eksposysje 'De Wereld van Dwartje'

In sprankeljende wikseleksposysje fan 17 septimber oant 24 oktober fan de Grouster skilder-skriuwer Eduard F.R. Frieser. Yn syn skilderijen spylje kleur, foarm, ljocht en komposysje in wichtige rol. Yn de eksposysje binne gâns fan syn ballonpoppen te sjen, faak yn heldere kleuren en mei ferskate emoasjes. Sa is der de kleurige ballonboskpop, mar der binne bygelyks ek mear sinistere ballonpoppen.

Ballonpoppen binne troch Eduard Frieser betochte figuerkes yn in gleon kostúmke mei bysûndere details (sjoch de foto). Se befine harren faak yn mearkeëftige omkriten, yn in magysk-realistyske wrâld: ‘De Wereld van Dwartje’. Fan syn skilderijen mei ballonpoppen binne ek in tal tekeningen útstald en in filmke dat sjen lit hoe’t Eduard Frieser wurket.

Yn de eksposysje binne ek in tal lânskippen opnaam, dy’t ynspirearre binne op Midden-Fryslân. Dizze lânskippen lizze in ferbining mei it boek dat Frieser koart lyn útbrocht hat: ‘De Natte en de Droge Wereld’. Yn dat boek giet de haadpersoan nei in fingearre oarloch fanút de feilige kuststreek derop út om Midden-Fryslân op’e nij yn kaart te bringe en te ûndersykje of dêr noch minsken wenje. Op sneon 8 oktober is Eduard Frieser fanôf 3 oere yn it museum oanwêzich om syn boek te presintearje en te sinjearje.

Mear ynformaasje oer Eduard Friesrer is te fine op syn webside: www.eduard-frieser.nl en ek op facebook: www.facebook.com/EduardFrFrieserKunstschilder/

Mear ynformaasje oer it boek ‘De natte en de Droge wereld’ stiet op www.boekscout.nl

Terug naar het nieuwsoverzicht