Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

Sint Piter Boartersguod-rūte

Yn de krookjefakânsje organisearret de Museumfederaasje Fryslân tegearre mei alle Fryske musea alwer foar de 16e kear ‘Help pake en beppe troch de fakânsje hinne!’. Yn fakansjes ha pakes, beppes en âlden faaks nocht om mei de bern of pake- en beppesizzers wat aardichs te dwaan. De musea spylje hjirop yn en biede yn de krookjefakânsje foar bern in spesjale aktiviteit oan.

Ek ‘Hert fan Fryslân’ docht mei fan woansdei 22 o/m freed 24 febrewaris, mei in aktiviteit dy ’t oanslút op it fieren fan de jierdei fan Sint Piter op 21 febrewaris. Dat kom dernei gesellich mei de famylje nei it museum en doch mei oan de Sint Piter Boartersguod-rûte. Tegearre giest dan op syk nei it boartersguod dat Swarte Pyt dêr efterlitten hat. Dit hat te krijen mei ‘Op reis’, dit jier it tema fan ‘Help pake en beppe troch de fakânsje hinne’. De bern kinne dan ek wat se mar wolle mei it boartersguod boartsje.

We binnen iepen fan 13.30 – 17.00 oere. Bern o/m 12 jier ha fergees yntree, mits ûnder begelieding fan in wol beteljende pake, beppe of oare folwoeksene. Hja kinne fansels it hiele museum besjen, dêr ’t tydlik ek in nijsgjirriche Sint Piter-ferrassing te sjen is.

Terug naar het nieuwsoverzicht