Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

Museumwykein om 'e 'gouden stoomfluit' hinne

It tema fan de lanlike museumwike is dit jier ‘Ons echte Goud’. Mear as 400 musea dogge hjiroan mei, mei harren eigen ‘pronkstik’. Yn ús museum is dat fansels de stoomfluit fan de Halbertsmafabriken. Dizze tafallich ‘goud’-kleurige stoomfluit hat mei syn markante lûd sa’n 100 jier it deiritme yn Grou bepaald: moarns by it begjin fan de wurkdei, oerdeis by it skoft en as it wurk dien wie. De stoomfluit stiet op dit stuit yn in bysûnder ljocht. By ús tydlike eksposysje (o/m 10 septimber) ‘Halbertsma Hou(d)t Grou op Stoom’ oer de stoom- en krêftynstallaasjes yn ‘It Houtsjefabryk’, foarmet hy in markant objekt, dêr ’t men it lûd ek fan hearre kin. Yn it museumwykein op 8 en 9 april kin eltsenien dit alles komme te sjen: de yntree is beide dagen foar eltsenien mar 1 euro ! Freonen fan it museum ha lykas altyd fergees tagong.

Terug naar het nieuwsoverzicht