Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

Yn'e fuotstappen fan Rixt

Ûnder dizze nijsgjirrige namme is yn gearwurking mei it ‘Mingd Koar Grou’ fan sneon 13 o/m snein 18 juny yn it museum in lytse eksposysje te sjen oer de Grouster dichteres Rixt. Op 14 maaie jout it Mingd Koar (www.grousterkoar.nl) yn ‘e Sint Piter-tsjerke 2 konserten mei û.o. komposysjes makke op gedichten van dizze ferneamde dichteres (1887 – 1979). Op woansdei 10 maaie (20.00 oere) jout Albertina Soepboer yn it ramt fan dit al yn de biblioteek yn Grou in lêzing oer Rixt (http://www.sbmf.nl/agenda/LezingoverRixt).

Rixt is in pseudonym foar Hendrika A. van Dorssen. Hja waard yn 1887 berne yn Grou. Nei har skoaltiid en in ferbliuw yn Davos begûn se yn 1917 te wurkjen yn Snits as leerling-amtner by de gemeente. Yn 1919 waard Rixt beneamd op de gemeentesekretary yn Dimter. Doe ‘t sy 60 jier wie krieg Rixt har pensjoen. Earst skreau Rixt benammen gedichten yn it Nederlânsk. Nei har kontakt mei û.o. Obe Postma gong sy oer op it Frysk. Yn 1952 kaam de bondel ‘De Gouden Rider’ út. Yn 1953 krieg Rixt de Gysbert Japicxpriis foar poëzy. It gedicht ‘’t Is letter as men tinkt’ heart ta de hichtepunten fan har dichtwurk. Rixt is yn 1979 yn it hûs fan har âlders yn Colmschate ferstoarn.

Terug naar het nieuwsoverzicht