Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

Lêzing J.P. Rottiné

Op 4 septimber om 20.00 oere jout J.P. Rottiné yn de Bibleteek yn Grou in lêzing oer de histoarje fan de stoom- en krêftynstallaasjes by de Halbertsmafabriken. Utsein de technyske kant fan dizze ymposante masines, sil hy oan de hân fan anekdoates grif ek oandacht besteegje oan de fjierdere histoarje fan dizze foar Grou sa wichtige fabriken.

Dizze lêzing is tagelyk in soarte fan ôfslúting fan syn eksposysje ‘Halbertsma Hou(d)t Grou op Stoom’, dy’t noch o/m snein 10 septimber yn museum Hert fan Fryslân yn Grou te besjen is (sjoch hjirneist).

Tagong foar de lêzing: € 3,50 foar leden fan de bibleteek en € 5,- foar wa net lid is. Opjaan kin fia grou@sbmf.nl of geewoan oan de seal.

Terug naar het nieuwsoverzicht