Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2018 Museum hert van Fryslân

‘Halbertsma Hou(d)t Grou op Stoom’

Under dizze titel is fan 5 novimber 2016 o/m 10 septimber 2017 yn it museum in eksposysje te sjen oer … de krêft fan 125 jier ‘Houtsjefabryk’. Yn dizze eksposysje nimt Jan Pieter Rottiné, saakkundige op it mêd fan stoom- en krêftynstallaasjes, ús mei nei it begjin fan de yndustriële revolúsje: 1891, ‘It Houtsjefabryk’ yn Grou, oprjochte troch Pieter Goslik Halbertsma, paksizzer fan Binnert Halbertsma, de hannelsman fan de ferneamde brourren Halbertsma.

 

J.P. Rottiné hat jierren oanien alles bestudearre oer stoommasjines en lyksoartige ûnderwurpen, lykas skoarstiennen. Foto’s as eksakte tekenings dêrfan wiene doe súver hast net makke of bewarre. Hy sette in protte dokumintaasje op syn webside www.rottine.info en makke unike akwarellen mei de stoommasjine yn ‘e haadrol. Hy bringt syn passy geregeld yn praktyk by it Woudagemaal by Lemmer. Yn de eksposysje lichtet hy in tipke fan de ‘stoomsluier’ op.

Jan Pieters heit wie haad-stoommasjinist by it fabryk. As bern gong hy der gauris hinne en sa learde hy in protte oer hoe’t dêr om en ta gong. Syn fassinaasje foar de stoom- en krêftsintrale wie der sa alhiel betiid en yn de útstalling nimt hy ús mei yn de skiednis dêrfan.

 

Om de sfear fan doetiids priuwe te kinne binne tal fan materialen brûkt dy’t troch âld-meiwurkers fan it fabryk ynbrocht binne. Dit binne oantinkens oan de bysûndere tiid dat it fabryk yn Grou in grutte rol spile hat. In part fan it materiaal is ek brûkt by it resinte ôfskie fan de Halbertsmafabriken.

De iepening fan de eksposysje fynt plak op in spesjale jûn fan de Freonen fan it museum op 4 novimber 2016. De iepening wurdt dien troch Pieter Halbertsma, pakesizzer fan Pieter Goslik, oant 1993 de lêste Halbertsma-direkteur: beide dus neiteam fan de oprjochter Pieter Goslik. 

Terug naar het nieuwsoverzicht