Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2018 Museum hert van Fryslân

Sulveren Skūtsje yn it museum te bewūnderjen

It ‘Sulveren Skûtsje’ de prestizjeuse wikselpriis foar de jierlikse winner fan it SKS-Skûtsjesilen is oant 1 juli 2018 tydlik yn it museum útstald. Douwe Visser, skipper fan ‘It Doarp Grou’, hat dizze 10 jier âlde wikselpriis no foar de tredde kear yn syn besit. It Sulveren Skûtsje waard yn 2007 troch Rabobank-Interpolis beskikber steld en Douwe Visser kaam it, tegearre mei syn grutte blauwe kampioenswimpel, persoanlik yn it museum oanbiede (sjoch foto). De prachtige trofee hat in moai plakje krigen yn de Wetterseal, deun by de fitrine dêr ’t in replika yn stiet fan it Grouster Skûtsje en neist de fitrine mei al in nijsgjirrige siden wimpel út de 19e ieu.

Terug naar het nieuwsoverzicht