Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2018 Museum hert van Fryslân

Reedridershoeke fernijd en útwreide

Grou en omkriten hat de ôfrûne hast 200 jier in protte goeie riders fuortbrocht. It docht bliken dat hja gauris út in ferneamd reedriderslaach fuort komme. Dat is grif fan grutte ynfloed op harren oanlis, mar ek it entûsjasme fan in belutsen famylje foarmet wis in grutte stimulâns.

Yn de fernijde reedridershoeke yn it museum binne de stambeams opnaam fan inkele fan dy famyljes, lykas Kingma en Van der Meer. Út de Kingma-line komme û.o. fuort Jorrit Bergsma en Dick Jellema. Atje en Boukje Keulen en Sjoukje Bouma komme bygelyks fuort út de Van der Meer-line.

Ek fan oare ferneamde riders út ús omkriten binne ferhalen, prizen, pakken, redens en foto’s yn de reedridershoeke te finen, lykas fan: Ids Postma, Jan Jan Brouwer, Haitske Pijlman en Bert de Jong. Ek hja ha faak ferneamde riders as (foar)âlders en ha allegear alteast in skoft yn Grouw wenne of ha riden by De Pinguins.  

Terug naar het nieuwsoverzicht