Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2018 Museum hert van Fryslân

Leste moanne Halbertsma-útstalling

Oant en mei snein 2 desimber is de spesjale LF2018-eksposysje ‘Joast Halbertsma: Wrâldboarger út Grou’ noch te belibjen. Eltsenien kin him oant dy tiid noch ferkwikke oan de bûnte samling fan âldheden en ‘nijsgjirrige’ ferhalen fan ‘Mister Fryslân’! De eksposysje is yn oparbeidzjen mei Stifting Gabe Skroar, mei ûnder oare gebrûk fan de Halbertsma-kolleksje fan it Frysk Museum en Tresoar. Ek it jeugdprojekt ‘Het notitieboek van Joost’, mei sawol opdrachten foar yn as foar bûten it museum yn it doarp, is in aardichheid. Fan 1 novimber o/m 2 desimber krijt eltsenien 50% koarting op de yntreepriis.

Foar freonen fan it museum is de yntree as altyd fergees.

Terug naar het nieuwsoverzicht