Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Onvergetelijk Museum

Op 4 juny wienen in tal dementearenden en harren neisten fan Friesma State yn it museum te gast as dielnimmers fan it projekt Onvergetelijk Museum.  

Mei Onvergetelijk-rûnliedingen besjogge dielnimmers inkelde objekten yn it museum, en dêr prate se meimekoar oer. Kennis fan de objekten is net nedich: tidens Onvergetelijk giet it om genietsjen fan kultuurhistoarje en persoanlike beleving. Troch it dielen fan ferhalen, herinneringen, assosjaasjes en ideeën, bringe de dielnemers de museumobjekten ta libben. De rûnlieding waard troch spesjaal hijrfoar oplate museummeiwurkers fersoarge. Dit projekt krijt yn ús museum in fêst plak en dat is op eltse earste tiisdeitemoarn yn 'e moanne. Fan te foaren ynskriuwe is wol nedich. Jo kinne belje mei Janneke Wegman 06-1590 2895 (of b.g.g. mei Gieneke Verhoeven 06-4982 7841).

Op de webside www.onvergetelijkmuseum.nl is mear te finen oer dit projekt.

Terug naar het nieuwsoverzicht