Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Sjoch ek ús side op Facebook

 

Iepeningstiden

Woansdei o/m snein:

14.00 - 17.00 uur

Allinnich op ôfspraak

Sjoch de side Besite

Copyright 2020 Museum hert van Fryslân

Museum Hert fan Fryslân slút op 1 desimber 2020

Museum 'Hert fan Fryslân’ yn Grou slút op 1 desimber fan dit jier de doarren. It sil him dêrnei rjochtsje op it werombringen fan de kolleksje ta in weardefolle ‘kearnkolleksje’ fan kultuer en histoarje fan Grou en omkriten. Dy sil mei soarch gearstald wurde en yn depot hâlden wurde, yn ôfwachting fan in nije takomst yn in breder ferbân. Der wurdt oansluting socht by plannen dy't yn ‘e mande mei oare organisaasjes 'Grou Breed’ makke wurde foar in Multyfunksjoneel Kultureel Sintrum mei in 'Kultuerplein', en ek fan Grou as ien fan de ‘poarten’ fan Nasjonaal Park 'De Alde Feanen’.

It museum moat op it hjoeddeistige plak slute fanwege it lege besikersoantal yn ferhâlding ta de kosten, en ek troch in tekoart oan minsken. It museum is yn 1956 begûn yn it riedhûs fan doe noch Idaerderadiel. As gemeentemuseum siet it dêr fergees. It is de ôfrûne jierren tige aktyf west mei tal fan aktiviteiten en eksposysjes. No't de húsfesting fan 2018 ôf net mear fergees is, en it besikersoantal alle jierren om de 1000 beteljende besikers hingjen bliuwt, is it net langer ferantwurde it museum iepen te hâlden, ek al jout de feriening 'Freonen fan it museum’ finansjele stipe.

Foar it behear en it feilich stellen fan de kearnkolleksje freget it museum op 'e nij stipe fan de ‘Freonen’, dy't dit op 22 april op de jiergearkomste beprate.

It museum siket noch nije bestjoersleden en frijwilligers foar it gearstallen en behearen fan de kearnkolleksje en it bouwen oan in nije takomst.

Mei yngong fan takomme 1 april giet it museum noch acht moanne iepen foar publyk, mei ûnder oaren de eksposysje ’75 jier Frijheid: Grou yn oarlochstiid’.

Terug naar het nieuwsoverzicht