Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

It Gebou

It museum is festige op de ûnderferdjipping fan it eardere riedhûs fan Idaarderadeel. It ymposante gebou, in ûntwerp fan architekt A.J. Kropholler, is bout yn 1942 yn reade bakstien en fersierd mei natûrstien. Neffens de teory fan Kropholler moasten oan in gebou mei in represintative funksje omfang, hichte en ôfstân yn harmony wêze. It byldhouwurk bûten en binnen is fan de Fryske byldhouwer Tjipke Visser.

 

De moai fersierde, prachtich ynrjochte en ymponearjende riedseal docht no tsjinst as trouseal en wurdt ek brûkt foar oare bysûndere gelegenheden. It is mooglik om op ôfspraak in rûnlieding te krijen yn it gebou.

 

Architekt Kropholler wurke by Berlage en naam syn teoryen oer. Letter ûntwikkele hy hieltyd mear in eigen styl. Yn Fryslân steane twa gebouwen dy’t troch Kropholler ûntwurpen binne. Neist dit eardere riedhûs is ek it monumentale pân oan de Twabaksmerke 48 yn Ljouwert fan syn hân. Yn it súden en westen fan Nederlân stean likernôch tsien riedhûzen en in grut tal winkels, kantoaren, tsjerken en wenhûzen dy’t hy ûntwurpen hat.