Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

Wetter yn it Hert

Fryslân is in wetterprovinsje: ûntstien út it wetter, stridend tsjin, mar ek mear en mear gebrûk meitsjend fan wetter yn al syn ferskiningsfoarmen. Alle transport gie fan âlds oer it wetter en de measte stêden en doarpen leine dan ek oan it wetter. Sawol yn floeibere as yn beferzen foarm brûke de Friezen it fan âlds om op te farren en te reedriden. Wenjen oan it wetter hat nearne sa’n hege flecht nommen as yn Fryslân en wetter bepaalt foar in grut part hoe’t it Fryske lânskip derút sjocht. Sûnder oerdriuwing kinne we sizze, dat Fryslân oan dit alles, as ek oan de skipsbou en de wetterrekreaasje, har ynternasjonale bekendheid en identiteit ûntlient. Dit jildt temear foar it doarp Grou, yn it ‘hert fan Fryslân’, dat yn it ferline lange tiid allinnich oer wetter berikber wie.

Yn de eksposysje ‘Wetter yn it Hert’ nimme we jo mei nei ús wetterlân yn it hert fan Fryslân. We litte jo sjen hoe’t de bewenners hjir libje, wurkje, ferdiverdearje en stride mei, op en yn it wetter: no en eartiids.

 

Tsien fan de 14 skûtsjes yn aksje by de jierlikse iepening fan it SKS-skûtsjsilen op de Pikmar by Grou.