Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

It museum is ek tige oantreklik foar bern: spesjaal de eksposysjes oer it skipkesilen, dat alwer sa’n 90 jier jierliks by de Grouster Merke troch ‘Jong Frisia’ organisearre wurdt, en oer de Grouster beskermhillige en bernefreon Sint Piter. De bern kinne û.o. boartsje mei materiaal lykas seinflagen op in magneetboerd yn de Skipkeseal en mei Sint Piter-spultsjes dy’t yn it kastje by de Sint Piter-eksposysje stean. Fierder kinne de bern fergees in foto-puzzel meitsje mei foto’s wêrfan de antwurden yn de ferskate eksposysjes fûn wurde kinne. Freegje dêrnei by de baalje. Tige nijsgjirrich foar bern is it edukative projekt …

 

Lytse Eeltsje

‘Lytse Eeltsje’ giet oer de jonge Eeltsje Halbertsma. Hy nimt de bern mei nei it Grou van om 1810 hinne: in fleurig hannelsplakje oan’e Pikmar. Mei Eeltsjes ‘Freonenboek’ (€ 1,50 per stik) en 10 kaartsjes mei opjeften gean de bern yn it museum op ûntdekking yn de eksposysje oer de bruorren Halbertsma.

Ek is der in krante makke ‘Nijs fan Eeltsje’ (€ 1,50 per stik). Mei in dúdlike plattegrûn en ferskate ‘weetsjes’ fiert it de bern troch it sintrum fan Grou, dêr’t de lytse Eeltsje Halbertsma wenne, nei skoalle gong en boarte.

It materiaal is geskikt foar bern fanôf likernôch 7 jier, mar ek foar âlders en begelieders is it grif nijsgjirrich! It wurdt ek brûkt foar edukative doelen foar groepen fan de basisskoallen. Learkrêften kinne de Lesbrief Lytse Eeltsje en fierdere ynformaasje oer it museumbesyk foar skoallegroepen downloaden.

De koördinaasje van it projekt ‘Lytse Eeltsje’ en fan de skoalle- of oare groepen dy’t deroan mei dwaan wolle, leit by Janneke Wegman (0566-623432 / 06-15902895; janneke.wegman@upcmail.nl).