Atsje Gaastra kolleksje. In samling pronkstikken fan porslein, sulver en goud. Fierder húshâldlike artikels en tekstyl.
Famylje Gaastra kolleksje. Sulverguod, glêswurk en tinguod.
Grutte fariaasje oan sintsprinten, ek wol heilige-, folks- of berneprinten neamd.
Grutte tekstylkolleksje fan û.o. klean út de 19e en 20e ieu mei alles wat dêr by heart, kant, merklapen en bêdguod. Ek in pear stikken út de 17e en 18e ieu.
Halbertsma kolleksje. Objekten dy’t te krijen ha mei de famylje Halbertsma, lykas foto’s, dokuminten, boeken en meubels. Ek gebrûksfoarwurpen en ark út de houtyndustry.
Houten berneboartersguod út de 19e en begjin 20ste ieu.