Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

De Halbertsma's yn it Hert

Net allinne yn Grou en omkriten, mar yn hiel Fryslân is de namme Halbertsma ferneamd en dat yn’t bysûnder omdat Eeltsje Halbertsma de skriuwer is fan it Frysk Folksliet. Dêrom alle reden om yn it fernijde museum op’e nij yn in fêste eksposysje oandacht te skinken oan de fjouwer bruorren Halbertsma: Joast, Tjalling, Binnert en Eeltsje.
Yn it begjin fan de 19e ieu begûnen Joast, Tjalling een Eeltsje mei it skriuwen fan Fryske Folkslektuer. It earste boekje “De Lapekoer fan Gabe Skroar” ferskynde yn 1822. Der wie grutte belangstelling foar en der kamen mear útjeften. Joast wie fan doel in sammelútjefte te meitsjen. Nei syn dea kaam dizze yn 1871 út ûnder de namme “Rimen en Teltsjes”. Dit boek wurdt hjoed de dei noch hieltyd ferkocht.
Oare tema’s dy’t yn “De Halbertsma’s yn it Hert” oan bod komme binne û.o. it Frysk Folksliet, Fryske sintsprinten en skoalbuorden. Ek binne der foto’s en eigen besittingen te sjen.
De fjierde broer, Binnert, wie bakker, mar boppedat keapman. Syn neiteam stifte (1891) en behearde jierrenlang it bekende ‘houtsjefabryk’, dêr’t in protte minsken út Grou en omkriten wurk fûnen. Ek dit is in part fan de eksposysje.
Spesjaal foar bern is der it edukative projekt “Lytse Eeltsje”.