Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

De Halbertsma's

Net allinne yn Grou en omkriten, mar yn hiel Fryslân is de namme Halbertsma ferneamd en dat yn’t bysûnder omdat Eeltsje Halbertsma de skriuwer is fan it Frysk folksliet. Dêrom alle reden om yn it museum in fêste eksposysje oandacht te skinken oan de fjouwer bruorren Halbertsma: Joast, Tjalling, Binnert en Eeltsje.
Yn it begjin fan de 19e ieu begûnen Joast, Tjalling en Eeltsje mei it skriuwen fan Fryske folkslektuer. It earste boekje 'De Lapekoer fan Gabe Skroar' ferskynde yn 1822. Der wie grutte belangstelling foar en der kamen mear útjeften. Joast wie fan doel in sammelútjefte te meitsjen. Nei syn dea kaam dizze yn 1871 út ûnder de namme 'Rimen en Teltsjes'. Dit boek wurdt hjoed de dei noch hieltyd ferkocht.
Oare tema’s dy’t yn 'De Halbertsma’s yn it Hert' oan bod komme binne û.o. it Frysk folksliet, Fryske sintsprinten en skoalbuorden. Ek binne der foto’s en eigen besittingen te sjen.
Spesjaal foar bern is der it edukative projekt 'Het notitieboek van Joost'.

De fjirde broer, Binnert, wie bakker, mar boppedat keapman. Syn neiteam stifte (1891) en behearde jierrenlang it bekende ‘houtsjefabryk’, dêr’t in protte minsken út Grou en omkriten wurk fûnen. Ek dit is in part fan de eksposysje.

De besiker makket in reis troch de tiid mei foto- en filmmateriaal, âlde fabryksprodukten en de samling personielsblêden mei in hiel soad artikels en foto’s. Ek is de âlde fabryksfluit wer te hearren, as herinnering oan âlde tiden: de ‘klok’ fan Grou, as it wurk begjint of as it skafttiid is. Ek is in ryk archyf oan produktynformaasje(folders) oanwêzich.

Yn in searje loftfoto’s is de opkomst fan it fabryk te sjen, de ynfloed fan de grutte brân yn 1960, de ferpleatsing út it doarp wei nei de oare kant fan de Rjochte Grou, en op it lêst de ôfbraak. Troch it opsnuven fan ferskillende houtroken yn it ‘Houtsnúflab’ komt dizze wrâld wer ta libben. It ‘houtsnúflab’ waard ôfrûne simmer al mei in soad sukses brûkt mei ‘Hout Vaert’.