
Per 1 december 2020 heeft het museum haar deuren voor publiek gesloten. Sluiting was voor het..<Lees verder>
Sint Piter
Útsein de start fan it jierlikse Skûtsjesilen, is Grou by mannichien yn en bûten Fryslân benammen bekend fan it feit dat net Sinteklaas yn desimber, mar yn febrewaris Sint Piter nei Grou komt. Sint Piter is neamd nei de beskermhillige fan de fiskers, Petrus.
Op 21 febrewaris is it pakjesjûn en de sneon dêrfoar komt Sint Piter yn Grou oan. It Sint Piter-feest wurdt yn syn hjoeddeiske foarm sûnt 1903 yn Grou fierd. It museum besteget oandacht oan dit unike feit. Dêr is ûnder oaren byldmateriaal fan it ûntstean fan dizze tradysje en fan hoe’t dit sûnt 1903 fierd wurdt.