Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

Architekt Kropholler

Alexander Kropholler (1881-1973) is de ûntwerper fan it Âlde Riedhûs yn Grou (1942), dêr’t ek it museum yn festige is. Yn it museum is in lytse eksposysje oer syn wurk ynrjochte. By de balie fan it museum kin men freegje om in bûtenrûnlieding fan it âlde Riedhûs. Dat is in plattegrûn dêr’t men sels mei it troch Kropholler ûntwurpen gebou fan bûten mei besjen kin. Ek is der de mooglikheid om, op ôfspraak, in diel fan it eardere Riedhûs te besjen. De âlde Riedseal hat syn funksje fan troulokaasje behâlden.

Kropholler wie in autodidakt en ûntwurp tusken 1902 en 1967 sa’n 120 bouwurken: skoallen, kantoargebouwen, wen-, winkel- en gemeentehûzen. Nei’t hy yn 1908 katolyk wurden wie boude hy ek ferskate tsjerken en twa kleasters. Yn’t earst wie syn wurk wat jugendstil-eftich, mar ûnder ynfloed fan Berlage waarden syn ûntwerpen mear en mear typearre troch ienfâld en bakstien.