Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

Pronkjen

Museum ‘Hert fan Fryslân’ hat in flinke kolleksje porslein, goud, sulver, sieraden en tekstyl, gauris ôfkomstich fan skinkingen of yn brûklien fan partikulieren. It legaat fan Atje Gaastra wie yn 1956 sels de oanlieding ta stifting fan it museum, dat doe noch gemeentemuseum wie. Yn de eksposysje ’Pronkjen’ is in part fan de kolleksje fan it museum te bewûnderjen.

Museum Hert fan Fryslân tanket har bestean mei oan it legaat fan dizze Atje Gaastra. Sy skonk yn 1949 in flinke samling moaie en weardefolle foarwurpen út har famylje oan de gemeente Idaarderadiel fan doe, mei de ferplichting dizze sjen te litten. Dêrom waard yn 1956 it gemeentemuseum oprjuchte. No hjit dat museum Hert fan Fryslân.

Ek wie foarwearde dat de foarwurpen brûkt wurde soenen as fersiering fan it gemeentehûs fan Idaarderadiel en by plechtichheden. No 70 jier letter docht it museum dat noch altiten. Atje Gaastra hie in bulte ynteressante foarwurpen om mei te pronkjen en hiel wat gebrûksfoarwurpen. In stel brieven fan de konservator fan doe litte dat wol sjen: oer it troch har heit makke sulveren sigaren 'afstrijkertje' en foto's fan de stoomboat dêr't keninginne Wilhelmina en prins Hendrik tochtjes mei makken. Kom foar dit bysûndere ferhaal oer Atje Gaastra nei it museum en genietsje fan dizze neilitten rykdom en 'bling bling'.