Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

Skipkesilen

It Skipkesilen is yn Grou en omkriten in ieuwenâlde tradysje. Ien kear yn’t jier wurdt yn Grou in wedstriid fearn mei dizze miniatuer skipkes. Fanôf 2011 fynt dit begjin septimber plak yn it wykein fan de Grouster Merke fanôf it terras by Wetterhostel Oer’t Hout. Der dogge ferskate soarten skipkes mei, ûnderferdield yn de folgjende klassen: Klompklasse, Lytse en Grutte Holle, Lytse en Grutte Folle, de Meteoorklasse en de klasse fan de Frisia jachtsjes. Yn de Wetterseal is op it touchscreen ek in aardich filmke te sjen fan de optocht foarôfgeand oan ien van de eardere Skipkesyl-wedstriden. Sûnt koart stiet yn it museum de sylklomp ‘Markikkert’ fan S. Andringa. Dit is de oare helte fan de sylklomp dy’t yn 1948 oan prinses Beatrix oanbean is by in besite fan de Keninklike famylje oan Fryslân.

 

Histoarje en eftergrûnynformaasje:

De lêsmap is ûnderdiel fan de tentoanstelling ta oantinken oan de oprjochting yn 1924, dus alwer sa’n sa’n 90 jier ferlyn, fan Sylferiening ‘Jong Frisia’ as ûnderdiel fan de grutte Sylferiening Frisia, dy’t harsels fanôf 1960 ‘Keninklik’ neame mei. Yn dizze lêsmap fine jo in grut ferskaat oan eftergrûnynformaasje oer de histoarje fan it ‘Skipkesilen’ yn Grou: lykas foto ’s en kranteknipsels fanôf 1906 en wat mear útlis oer hoe it by it ‘Skipkesilen’ om en ta giet. De map kin troch eltsenien ynsjoen wurde. Freegje jo hjir efkes nei by de baaljemeiwurker.

 

Werynrjochting:

De Skipkeseal is koartlyn werynrjochte. It tema ‘Skipkesilen’ is no in fêst ûnderdiel fan ús museum. Jo binne fansels ek no wer wolkom en kom dizze feroare útstalling besjen. Wy ha –spesjaal foar bern- de eksposysje noch byldzjender makke.