Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

In jefte dwaan of in erfenis neilitte?


Wist jo dat de Stifting ‘Museum Hert fan Fryslân’ in ANBI-kwalifikaasje hat? ANBI betsjut: “Algemeen Nut Beogende Instelling”. It is dêrta by de Keamer fan Keaphannel ynskreaun ûnder RSIN-nûmer 009632086. 
En wiste jo dat de feriening Freonen fan it museum in SBBI-kwalifikaasje hat? SBBI betsjut: “Sociaal Belang Behartigende Instelling”.
Dit kin by in jefte of by ûntfangst fan in erfenis in belestingfoardiel opleverje sawol foar de skinker as foar de ûntfanger. In ANBI-ynstelling betellet bygelyks gjin erf- of skinkbelesting.
Ek meie donateurs fan in ANBI-ynstelling harren jeften ôflûke fan de ynkomste- of fennoatskipsbelesting. De stifting ‘Museum Hert fan Fryslân’ is in kulturele ANBI-ynstelling en dêrfoar jildt sels in ekstra ôftrek.
Ek in SBBI-ynstelling betellet gjin erfbelesting oer in erfenis.
As jo der oer tinke om in skinking te dwaan of in erfenis nei te litten oan it Museum of oan de Freonen fan it museum, dan is it ferstannich om earst fia de belestingtsjinst of de notaris ynformaasje yn te winnen oer de betingsten wêr’t jo skinking of erfskip oan foldwaan moat. Jo kinne fansels ek altyd earst efkes kontakt opnimme mei it Museumbestjoer of het bestuur van de Freonen.