Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

Copyright 2017 Museum hert van Fryslân

Fernijde items yn Museum Hert fan Fryslân fanôf jannewaris 2018

 

It museum is de hiele moanne desimber sluten. Fanôf woansdei 3 jannewaris binne wy wer iepen.

Dan is yn de Wetterseal û.o. de alhiel fernijde ‘reedridershoeke’ te sjen. Dêryn in potte oandacht foar de grutte ridersfamyljes út Grou en omkriten, werút û.o. talinten fuortkaam binne lykas Ids Postma, Atje en Boukje Keulen, Jorrit Bergsma en Jan Jan Brouwer.

Ek is dan it ‘Sulveren Skûtsje’ te bewûnderje, de wikselpriis foar de jierlikse winner fan it Skûtsjesilen. Skipper Douwe Visser fan it Grouster Skûtsje, de winner fan dit jier, hat dizze prachtige trofee tydlik oan it museum yn brûklien jûn, tegearre mei de blauwe wimpel, dy ’t hy as winner krigen hat.

Dêrnei sille wy de âlde timmerkiste (sjoch foto) út it museum wol hurd nedich ha. We gean ús yn it earste fearnsjier nl. ree meitsje foar it tegearre mei Stifting Gabe Skroar ynrjochtsjen fan de grutte útstalling ‘Joast Halbertsma: Wrâldboarger út Grou’. Dizze eksposysje yn it ramt fan Kulturele Haadstêd LF2018 sil fan 31 maart o/m novimber yn it museum te belibjen wêze.

As opmjitte dêrfoar dogge wy op freedtejûn 26 jannewaris mei oan de grutte iepening fan Kulturele Haasdstêd. Yn sa’n 80 musea yn hiel Fryslân fertelle minsken dan ferhalen oer in foarwerp dat hja wichtig fine en hiel graach meinimme soene nei … de takomst. Yn it museum en yn it Riedhûs yn Grou sille likernôch 6 fan sokke ferhalenfertellers ús meinimme yn harren fantasy op dit mêd.