Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

It is mooglik mei te dwaan oan in rûnlieding troch it doarp, yn it riedhûs of foar dementearende minsken troch it museum('Onvergetelijk museum'). Sjoch hjirûnder en yn Aginda.

Foar groepen binne dizze rûnliedingen ek op oare tiden ôf te praten.

Doarpskuier

Historyske kuijer troch it Fryske Venetië fan eartiids o.l.f. in gids.Tiid: oardel oant twa oeren. Fan te foaren oanjaan is nedich. Sjoch tabblêd Aginda.

Start by it museum op Stationsweg 1.

Oanjaan oant in dei fan te foaren. Kosten € 4,-. Opjefte by 06 - 1447 5212.

Rûnlieding yn it riedhûs

Rûnlieding yn it riedhûs fan likernôch in oere. Start om 19.00 oere by it museum. Fan te foaren opjaan is nedich. Sjoch tabblêd Aginda. It museum is dan ek iepen fan 19.00 oant 21.00 oere.

Opjaan oant ien dei fan te foaren. Kosten € 1,50. Opjefte by 06 - 1447 5212.

Tink derom: it riedhûs is net sa tongonklik foar minsken mei in beheining. Foar tagong ta it riedhûs, en yn it riedhûs, wurdt treprinnen frege!

Rûnlieding troch it museum foar dementearende minsken(‘Onvergetelijk museum’)

Rûnlieding troch it museum foar dementearende minsken en harren neisten, fan 10.30 oere oant sa’n bytsje 11.45 oere. Fan te foaren oanjaan nedich. Sjoch tabblêd Aginda.

Wy biede oan dementearende minsken om tagelyk mei in mantelsoarger it museum te besjen. Wy dogge mei oan in lannelik projekt Onvergetelijk. Fan juny ôf dogge wy dit yn gearwurking mei it Stedelijk Museum en it Van Abbe Museum.

Mei Onvergetelijk-rûnliedingen besjogge dielnimmers inkelde objekten yn it museum, en dêr prate se meimekoar oer. Kennis fan de objekten is net nedich: tidens Onvergetelijk giet it om genietsjen fan kultuurhistoarje en persoanlike beleving. Troch it dielen fan ferhalen, herinneringen, assosjaasjes en ideeën, bringe de dielnemers de museumobjekten ta libben. De rûnlieding wurdt troch spesjaal hijrfoar oplate museummeiwurkers fersoarge. Foar dementearende minsken it is fijn om herinneringen op te heljen, mar foar mantelsoargers ek in manier om mei oare mantelsoargers yn kontakt te kommen.

Dit projekt krijt yn ús museum in fêst plak en dat is op eltse earste tiisdeitemoarn yn 'e moanne. Fan te foaren ynskriuwe is wol nedich. Jo kinne belje mei Janneke Wegman 06-1590 2895 (of b.g.g. mei Gieneke Verhoeven 06-4982 7841). Kosten: 7,50 per persoan (ynklusief entree museum en koffie/tee). Maksimaal 6 dielnemers (3 dementearende minsken en 3 mantelsoargers),

Tiid: 10.30 oant ûngefear 11.45 oere.

Sjoch ek de webside http://www.onvergetelijkmuseum.nl.