Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Iepeningstiden

woansdei o/m snein:

13:30 - 17:00 uur

sjuch ek nei Útsûnderingen by tabblêd Besite

Copyright 2019 Museum hert van Fryslân

'Meet the fountains - fonteinen oars besjoen'. Foto's fan Tryntsje Nauta en Heleen Haijtema wêrtroch je neitinken gean.

De Fryske fotografen Tryntsje Nauta en Heleen Haijtema makken per fontin in poëtyske oersetting. Mei alve autonome bylden bringe se in hommage oan de fontinen. Elk byld is in frije ynterpretaasje dêr't se sjoen ha nei de skiednis fan de stêd en de tinzen fan de keunstner. Dizze fotosearje yn kombinaasje mei foto’s en teksten oer de 11fountains sette jo as besiker oan it neitinken. De eksposysje ‘Meet the fountains – fonteinen oars besjoen' is te besjen yn de eardere Grifformearde Tsjerke yn Grou. Dit sûnt koart as monumint ferklearre pân leit tsjinoer museum Hert fan Fryslân. It museum hat yn gearwurking mei de eigener dizze eksposysje ta stân brocht. Achter elke fontin sit in ferhaal dat oanslút by de aktualiteit. ‘De kievit(ljip)' yn Sleat set dy oan it tinken oer de fanselssprekkendhyt fan skjin wetter; ‘De ijsfontein' yn Dokkum fertelt ús oer drastyske feroaringen yn de natuer en taaiend iis fan de see; en 'De walvis’ fan Harns ferwiist nei de ynfloed fan de minske op it libben yn 'e see. Dit jier organisearret 11fountains ferskate aktiviteiten dy't oanslute by de ferhalen achter de alve fonteinen.

Sjoch ek op http://www.11fountains.nl.

De útstalling is te sjen yn de tsjerke tsjinoer it museum yn de perioade woansdei 17 juli o/m snein 28 july op tiden dat fan it museum iepen is, en is fergees te besjen. In frijwillige bydrage stelle wy op priis.

Sneon 27 july sluten y.f.m. it skûtsjesilen.