Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Sjoch ek ús side op Facebook

 

Iepeningstiden

Woansdei o/m snein:

14.00 - 17.00 uur

Sjoch de side Besite

Copyright 2020 Museum hert van Fryslân

Grou yn oarlochstiid

Dit jier (2020) omtinken foar Grou yn oarlochstiid: it ferset, it deistich libben yn de oarloch fan 1940-1945, de wapendropping yn de Deelen. Wat wie de rol fan it yn oarlochstiid boude en troch de Grüne Pilizei brûkte riedhûs(en de plysjesellen)? Koe Sint Piter noch nei Grou komme? Gongen de jierlikse syl- en reedrydwedstriden troch?

In lêstafel en in lytse mar aardige eksposysje jouwe in antwurd.

Filmkes oer ûnderskate temas ût de eksposysje binne te sjen op de side Multimedia.

 

Podcasts oer de ûnderdûkerstiid fan de Joadske sjoernalist Sem Davids yn Grou

Sem Davids (1897) wie in Amsterdamske sjoernalist dy’t fan 1922 oant 1940 by it deiblêd De Telegraaf wurke. Wêr’t hy sa’t hy sei yn maaie 1940 'útdondere’ waard. Nei de Twadde Wrâldkriich wurke hy by de Groene Amsterdammer.

Sem Davids siet fan 12 maart 1943 oant 15 april 1945, 25 moannen lang, as ûnderdûker by de famylje Kerkhof yn it âlde riedhûs oan de Riedhûsstrjiite yn Grou.

Yn 1965 skreau hy it ferhaal oer syn ûnderdûkerstiid. As sjoernalist en stenograaf hie hy in grutte rol by it bymekoar sykjen fan yllegale nijsberjochten foar Grou en omkriten en de fersprieding dêrfan. Dizze rige fan fjouwer podcasts is basearre op it yn 1965 ferskynde ferhaal.

Redactiebureau Schuilkast van Auteur Sem Davids

Uit: De Gids, Jaargang 128 (1965)

Yntroduksje troch Henk Brinkman   Sem Davids
 
Diel 1   Diel 2
 
Diel 3   Diel 4
 

Bulletins fan Sem Davids

Maja Davids-Bergansius, Sem Davids en Neel Kerkhof (vlnr) in 1962

Foto makke by it ôfskie fan de Groene Amsterdammer (út it argyf fan de famylje Kerkhof).