Stationsweg 1, 9001 ED Grou
T 0566-62 39 11
E info@museumhertfanfryslan.nl

 

Sjoch ek ús side op Facebook

 

Iepeningstiden

Woansdei o/m snein:

14.00 - 17.00 uur

Allinnich op ôfspraak

Sjoch de side Besite

Copyright 2020 Museum hert van Fryslân

De histoarje fan it museum

Al by de bou fan it riedhûs waard in part fan de ûnderferdjipping as museum bestimd. De Halbertsma’s en oaren sammelen saken dy’t hjir eksposearre waarden. Yn 1949 krige de gemeente Idaarderadeel in grutte skinking fan mefrou Atsje Gaastra. Dizze skinking moast eksposearre wurde. Dit wie de oanlieding foar de oprjochting fan de “Stichting Gemeentemuseum” te Grou.


Yn de earste jierren wie de gemeente bestjoerlik en finansjeel ferantwurdelik, mar yn 1992 waard in selstannige stifting oprjochte ûnder de namme 'Museum De Trije Gritenijen'. De namme ferwiisde nei de trije gemeentes dy’t yn 1984 byinoar foege wiene ta de gemeente Boarnsterhim. De hieltyd útwreidzjende kolleksje hie te krijen mei dit gebiet.


Yn 2014 is it noardlik part fan Boarnsterhim, wêrûnder Grou, by de gemeente Ljouwert foege en hat it museum de nije namme ‘Hert fan Fryslân’ krigen.